Georg Friedrich greve fan Waldeck, letter foarst fan Waldeck (Waldeck, 31 jannewaris 1620 - Arolsen, 19 novimber 1692), wie sûnt 1672 as fjildmaarskalk yn tsjinst fan de Republyk.
Yn 1688 waard er op oanstean fan Willem III oerbefelhawwer fan de Steatske troepen, útsein yn Fryslân en Grinslân.
Hy focht mei oan de slaggen by Fleurus (1690) en Steenkerke (1692). Doe't hy koart dêrnei stoar en de Fryske steedhâlder Ernst Kasimir II net ta syn opfolger beneamd waard, ferliet dy lulk it kriichstoaniel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|